zondag 16 maart 2025

Kerkdienst vanuit De Herberg ook te bekijken via kerkomroep

Datum: 
 zondag 16 maart 2025
Tijdstip: 
 09:30
Locatie: 
 De Herberg

By de tsjinst op 16 maart yn de Herberg
Yn de woestyn wie de ark fan it ferbûn in spesiaal plak foar de Heare God. De sierlike kiste mei de stiennen fan de tsien geboaden waard goed bewarre. Doe’t Salomo in timpel boude yn Jerusalem kaam de ark yn it hillichste stik fan de timpel te stean. It belang fan dy ark is dus dúdlik. Ek yn de nije timpel sil de namme fan de Hear oanroppen wurde. Fol ferwûndering seit kening Salomo: “Mar soe God wier op ierde wenje?”
(I Keningen 8: 27). Lit ús dêrby stil stean.
Op dizze twadde snein yn de tiid foar Peaske is de evangeeljelêzing Lukas 9: 28-36. De ferhearliking op de berg. Der kaam in stim út ‘e wolk dy’t sei: “Dit is myn Soan…. Harkje nei Him.” De Hear lûkt alle oandacht. Hy kriget alle oandacht.

Ds. Piet Beintema

 

terug