zondag 1 mei 2022

Kerkdienst vanuit De Grote Kerk ook te beluisteren via kerkomroep

Datum: 
 zondag 1 mei 2022
Tijdstip: 
 09.30
Locatie: 
 De Grote Kerk

Oarder fan tsjinst 1 maaie 2022 Grutte Tsjerke  
Tredde snein fan Peaske 

foargonger: dr. Oane Reitsma (út Enschede) 

lektor: Zwanie Braaksma 

oargel: Arie Goud 

Wolkom (âlderling) 

 

Bemoediging, drompelgebed, groet 

F.: Us helper is de Heare 

A.: dy’t himel en ierde makke hat. 
 

F.: Opstiene Hear, jo freegje ús: ‘hasto my leaf?’ 

A.: Ja, Hear, wy hâlde fan Jo! 

F.: Help ús leaf te hawwen. 

Help ús de skiepkes te hoedzjen, de lamkes te weidzjen, Help ús nei de minsken om te sjen. 

A.: Rop ús ta nij libben. Amen. 

F.: Genede en frede mei jim jûn wurde fan God ús Heit en fan Jezus Kristus, de Hear. 

A.: Hallelûjah! Amen. 

psalm 98d 

foarsang Alle ierdryks-einen oanskôgje it heil van Him, ús God. 

allegear Alle ierdryks-einen oanskôgje it heil van Him, ús God. 

foarsang Sjong foar de Hear in nij liet, 

want Hy hat wûnders dien: 

ja, heil brocht syn rjochterhân, en oerwinning syn hillige earm. 

allegear Alle ierdryks-einen oanskôgje it heil van Him, ús God. 

foarsang Hy makke syn heil ús bekend. 

Hy woe foar it each fan ‘e folken syn heil iepenbierje; 

mei goedens en trou 

woe de Heare it hûs Israël betinke 

allegear Alle ierdryks-einen oanskôgje it heil van Him, ús God. 

foarsang Sjong, ierde, rûnom foar de Hear, sjong, ieder, rûnom foar de Hear, set de sang yn, spylje op ’e snaren, sjong ierde rûnom foar de Hear. 

allegear Alle ierdryks-einen oanskôgje it heil van Him, ús God. 

Smeekbea Glorialiet 117a 

1   Loovje, o folken, God de Hear,
wol Him it lofliet sjonge.
Lit de fonteinen fan syn ear
want Hy dy’t jimme roppen hat
jout jim oan syn genede part,

2 Hoe grut is syn barmhertichheid, 
 Hy lit syn rike seine,
syn wierheid, trou en leaflikheid yn alle hert ûntspringe, oer alle minsken reine. 
Hy jout yn alle ivichheid 
syn leafde_en folle sillichheid, troch Kristus, hallelûja! sjong dêrom hallelûja. 

Gebed fan de snein Micha 4, 1-5 

liet 447 

  1.  It sil barre_yn ‘e kommende dagen, dat de berch fan ’e timpel yn hearlikheid stiet, dat de folken, dy’t frede bejagen, harren risse_as de rop fan Jeruzalem giet, om it rjocht fan de Heare te learen, har ta God en elkoar te bekearen. 
  2.  As Jeruzalems tuorren wer blinke en de grutskens fan bergen en hichten ferdwynt, sil út Sion de jubel wjerklinke, it befrijende wurd dat Gods ryk no ferskynt. En de wet dy’t it libben beskermet seit hoe’t God him oer minsken ûntfermet. 
  3. Yn ’e smidte fan ’t hûs fan ús Heare  wurdt it swurd ta in ploechmes, de spear ta in sicht, en hja sille gjin oarloch mear leare en hja wiuwe_en hja sjonge_as de tsjusternis swicht foar de wierheid, dy’t komt as in dage oer it folk dat de Heare behage. 

Johannes 21, 9-25 

liet 637 

  1.  O flam fan Peaske, stek ús oan / op dizze bliere nije moarn!  De Hear, foar wa’t de nacht ferfljocht / stie op; Hy is as ’t sinneljocht!
  2. De Heit lit net yn’t grêf foar dea / syn bern dat o sa’n freugde bea. Hy tilt it op út kâlde grûn – / it rint as fjoer de ierde_yn’t rûn.
  3. Foargoed is de_âlde nacht no dea, / de takomst blinkt as moarntiidsrea. Sjoch hjir hoe’t God ferjouwend is / en hoe’t syn leafd bliuwend is. 
  4. Sjoch hjir it ljocht fan lange doer, / sjoch hjir de Soan, de sinne,_it fjoer: o flam fan Peaske, stek ús oan / op dizze bliere nije moarn! 

Preek 

liet 636 

  1. Leafde is ljocht, út tsjuster berne, / opgien út nacht en iensumheid; leafde wol streakje – net ûntkenne / langstme nei frede_en feilichheid. Leafde hat hannen, eagen, earen, / iepen as elke nije dei, 

leafde sil alle wanhoop keare, / leafde, dy’t haat oan bannen leit. 

  1. Leafde is ljocht, is net te fangen, / leafde komt troch in sletten doar, biedt oan de lilkens beide wangen, / bringt hurde herten byelkoar. Leafde kin ’t fan in leger winne, / giet as it moat sels muorren oer, dwêst, troch de fijân te beminnen, / flammen fan heech oplôgjend fjoer. 

  1. Leafde is ljocht, is út Him berne, / dy’t springier fan de leafde is, dy’t sels syn bern oan ús ferlern hat, / fier dêrom dat it Peaske is. Lit dan dyn siel yn deiljocht dope; / benaude dreamen rane wei. De iepen himel jout ús hope: / Gods leafde dy’t ús wekker aait. 

Ymsammeling fan de jeften Gebedens 

mei-inoar: Us Heit yn ‘e himel, lit jo namme hillige wurde, lit jo keninkryk komme, lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn ‘e himel. Jou ús hjoed ús deistich brea en ferjou ús ús skulden, sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe; en lit ús net yn fersiking komme, mar ferlos ús fan ‘e kweade. Want jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid oant yn ivichheid. Amen 

slotliet 642 

  1. Ik sis it elk dy’t harkje wol, 3 No komt it einlings oan ’e dei: dat Jezus opstien is, de wrâld wurdt heitelân, 

ja, dat Hy by ús wêze wol in libben dat ferburgen lei yn leechte en gemis. ûntfange we_út syn hân. 

  1. Ik sis it om, en jong en âld 7 No is’t dat elke goede died mei ’t fierder drage hjoed, net wei wurdt of ferknoeid, oant oer de einen fan ’e wrâld want al ús wurken binne_as sied de moarntiid komt mei gloed dat hearlik iepenbloeit. 

8 ’t Is feest omdat Hy by ús is / dy’t grêf en dea fersloech en dy’t yn syn ferrizenis / alles nij oansjen joech. 

Utstjoering en seine 

 

 

terug
 


×