zondag 15 januari 2023

Kerkdienst vanuit de Grote Kerk ook te beluisteren via kerkomroep

Datum: 
 zondag 15 januari 2023
Tijdstip: 
 09:30
Locatie: 
 De Grote Kerk

Liturgy foar de tsjinst fan snein15 jannewaris 2023
    9.30 oere  yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum

Alderling             dhr/mfr.               ??
Foargonger          dû.  W. Veltman, Reitsum
Oargelist              dhr.                       ??
Koster                  dhr/mfr.               ??


Foar de tsjinst begjint klinkt oargelmusyk

Wolkom en meidielings

Begjinliet                   Psalm fan de snein: Liet 66: 1 en 2 (steand)
66 Loovje de Heare, bliid fan herte
Psalm 66

1 Loovje de Heare, bliid fan herte,
rop lûd syn lof en gloarje om,
lit alle wrâld in liet ynsette
dat opriist ta Gods eare_en rom!
Jo rjocht regearret ûnferkoarte,
oerwint alle wjerstribbichheid,
de fijân sil belies jaan moatte         
en bûge foar jo majesteit.

2 Sjoch mei ûntsach Gods wûnderdieden,
hoe’t Hy syn folk ta rêder waard,
hoe’t Hy de wetters wist te skieden
en makke_in drûch en feilich paad.
Lit elk fan herten bliid beseffe:
Gods each wol oer de folken gean,
ek oer dy’t har tsjin Him ferheffe –
syn macht sil iuw oan iuw bestean.

Bemoediging en Groet
Sjonge                        Psalm fan de snein: Liet 66: 7

7 No priizgje ik syn grutte namme,
want Hy, myn God, is tichteby.
Hy hat myn bidden net beskamme,
De Hear wie altyd goed foar my.
Hjirnei giet eltsenien sitten

Ynliedend wurd
Sjonge                        Liet  525
Hjirnei gean de bern nei harren eigen romte

525 Wy binne de brulloftsgasten hjoed

1 Wy binne de brulloftsgasten hjoed
fan Kana yn Galiléa;
wy drinke en de wyn is goed,
wy binne fleurich, woltemoed
mei Jezus en mei Maria.

2 Maria sei: ‘Der is ferlet
fan wyn. Wat moatte wy drinke?’
Mar Hy sei: ‘’t Is myn tiid noch net.’
Dochs is Hy ree, wist hja yn ’t hert,
Hy sil it ús grif wol skinke.

3 En doe’t it feest al fierder rûn,
seach Hy de lege fetten,
Hy liet se folje troch wa’t er fûn
en sei: ‘Skep op en bring it rûn.’
Hja preauwen: wyn wie it wetter.

4 Al is de brulloft lang ferlyn,
de wyn is bleaun, de bêste.
In oar drinkt earst de goede wyn
en skinkt de mindere letter yn,
hjir komt de bêste it lêste.

5 Wy gean te brulloft woltemoed
mei Jezus en Maria.
Hy draacht ús oer de wetterfloed,
ús toarst ferslacht fan syn hertebloed
te Kana yn Galiléa.

Gebed om ûntferming
Glorialiet                   Liet 517: 1, 2 en 3
517 Kristus, Jo iennichstberne


1 Kristus, Jo iennichstberne,
Gods Soan fan ivichheid,
dy’t wy as ’t heilswurd kenne,
dat ús de frede_oanseit.
Jo, stjer boppe_alle stjerren,
wy sjogge Jo fan fierren,
jo ljochtglâns is ús dei.

2 Jo binne_as minske kommen,
lykas fanâlds foarsein,
de skuld is fan ús nommen,
it kwea oan bannen lein.
De dea moast it ferlieze.
No giet de himel iepen,
God bringt syn plan ta’n ein.

3 Jou dat wy groeie meie
yn leafde, mear en mear,
foar Jo en jo geheimen,
meitsje_ús jo wegen klear.
Lit ús hjir al ûntfange
it heil dêr’t wy nei langje.
Kom ús temjitte, Hear!


Gebed by de iepening fan it Wurd
1e Skriftlêzing           Jesaja 62: 1 – 5                     LECTOR      
Sjonge                        Liet  176: 1, 2 en 3
176
Om Sions wil swij ik net stil

1 Om Sions wil swij ik net stil,
mar ’t heil fan God de Heare,
o tear bemind Jeruzalem,
sil ’k sjongend profetearje.
As aanst dyn bân tebrutsen is,
it ljocht foar dy ûntstutsen is,
silsto wer blinke_yn eare.
 
2 Dan giet dyn glâns de folken lâns,
dan sjocht de hiele ierde,
datsto yn eare bist by God.
Dyn namme lit him riede.
O kroanjuwiel, o donkere pracht,
o pronkstik fan de wûndere macht
dêr’t God dy sa mei sierde.

3 In reine breid yn leaflikheid,
sa bisto yn Gods eagen;
beminde frou, nodat syn trou
en geunst wer nei dy seagen.
Dyn lân ken gjin ferlittenheid
no’t blidens oer dyn strjitten leit,
elk hôf fan maitiid weaget.

2e Skriftlêzing           Johannes 2: 1 – 11                LECTOR
Sjonge                        Liet  526: 3 en 4

526 Sjong foar de kening fan ’e Joaden


3 Te Kana, dêr’t it sober like
– in breidspear dat gjin wyn mear hie –,
dêr soe foargoed en dúdlik blike
dat Hy de wiere wynstôk wie.
No mei de freugd’ de herten roere,
de wille giet de rigen rûn,
Hy hat op eigen syn tiid en oere
de ierde oan syn side fûn.

4 Sjong foar de kening fan ’e folken,
bûch foar syn hege hearskippij!
Sjong halleluja! Ut ’e wolken
komt ús syn gloarje tichteby.
Bou dan deemoedich oan ’e ierde,
lis frede yn inoarrens hân.
Hy wol ús op syn brulloft biede:
de bêste wyn yn ’t nije lân!

Preek
Sjonge                        Liet 791
791
Leafde, foar de tiden berne

1 Leafde, foar de tiden berne
as jo wurd fan ’t oanbegjin,
leafde, wol ús hert bewenje
as geheim en segening.

2 Leafde dy’t ta ús him kearde,
fonk dêr’t libben oan ûntspringt,
machtich wapen tsjin it kweade,
lêste wurd dat frede bringt.

3 Leafde is jo heechste namme,
dy’t jo geunst ús kenne liet.
Leafde freget ja en amen,
ús bestean yn wurd en died.

4 Leafde wol himsels net sykje,
mar bloeit op troch goede trou.
Op it fûnemint fan leafde
ha Josels ús libben boud.

5 Leafde lit him folút skinke
as de alderbêste wyn.
Leafde wol it feest betinke:
Jo helje_ús as gasten yn.

6 Leafde boppe alle leafde,
himelhege tinte_oer elts,
wol ús mei jo ljocht genêze,
leafdeboarne, leafde sels!

Tankgebed - foarbeaën - stil gebed - mienskiplik bidde fan ‘Us Heit’

Us Heit yn ’e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit Jo keninkryk komme,
lit Jo wil dien wurde
            op ierde likegoed as yn ’e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ’e kweade.
Want Jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

Kollektes                  
Wilens komme de bern werom yn tsjerke.
Einliet                        Liet  489
489 Yn djippe nacht lit Hy him kenne


1 Yn djippe nacht lit Hy him kenne,
sjoch no de moarnsstjer strieljend stean!
In minskebern is foar ús berne,
‘God sil ús rêde’ wurdt Er neamd.
Untslút dyn hert en leau dyn eagen,
fertrou dy ta oan watsto sjochst:
it wurd fan God fan fier omhegen
hat hjir as minske_in wenplak socht.

2 Gjin tekens dy’t ús stypje kinne,
gjin ljocht yn al ús tsjusternis
as dizze minske, Hy allinne,
God dy’t ús broer en neiste is.
Sjong foar jim God, Hy iepenbiere
yn Jezus hoe’t Hy fan ús hâldt.
Al ’t skepsel mei it heil aanst fiere,
de ierde wurdt in nije wrâld.

3 Lykas de sinne mei syn segen
in breugeman fan ljocht en fjoer,
sa komt de kening fan de frede,
foargoed nimt Hy de skepter oer.
Wat skieding bringt sil Hy ferbanne,
syn leafde giet de ierde_yn ’t rûn.
Syn lichem jout Er ús yn hannen.
Sa libje wy syn nij ferbûn.

Sinding en Seine
Sjonge                        Liet 431c

 

terug
 


×